Nij Franjum is in brûzjende akkommodaasje yn it hert fan Marsum. Nij Franjum biedt in protte mooglikheden foar it organisearjen fan ferskate aktiviteiten.
It doarpshûs fan Marsum biedt ûnderdak oan ferskillende ferieningen út Marsum en wide omjouwing.
Nij Franjum biedt dêrnjonken ek ûnderdak oan bedriuwen en partikulieren. Wolle jo bygelyks in gearkomste, in trouwerij, bernefeestje organisearje tink hjirby ek oan Nij Franjum.
Nij Franjum is in brûzjende lokaasje wêr’t wy jo mei ús entûsjaste frijwilligers graach ûntfange.